1968

1968 is in skrikkeljier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1968.) Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren.

Iuwen: 15e 16e 17e 18e 19e 20e iuw 21e 22e 23e 24e 25e
Jierren: 1963 1964 1965 1966 1967 1968 1969 1970 1971 1972 1973
Kalinders
Gregoriaanske kalinder
 
1968
MCMLXVIII
Ab urbe condita 2721
Armeenske kalinder 1417

ԹՎ ՌՆԺԷ

Etiopyske kalinder 1960 – 1961
Hebriuwske kalinder 5728 – 5729
Hindoekalinders
- Vikram Samvat 2023 – 2024
- Shaka Samvat 1890 – 1891
- Kali Yuga 5069 5070
Iraanske kalinder 1346 1347
Islamityske kalinder 1388 1388
Juliaanske kalinder
 
Gregoriaansk
min 13 dgn.
Sineeske kalinder 4664 4665

甲未 – 乙申

Foarfallen

  • jannewaris - Albaanje stapt út it Warsjaupakt.
  • 5 jannewaris - Alexander Dubček wurdt de nije lieder fan it kommunistyske Tsjechoslowakije. Under syn lieding begjint dêr in perioade fan herfoarming dy't de Praachske Maityd komt te hjitten.
  • 30 jannewaris - Yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch begjinne Noard-Fjetnam en de Viet Cong oan it Tet-offinsyf, wêrmei't se Súd-Fjetnam en de Feriene Steaten folslein oer it mad komme.
  • 31 jannewaris - Naurû wurdt ûnôfhinklik fan Austraalje.
  • 6-18 febrewaris - De Olympyske Winterspullen wurde hâlden yn Grenoble, Frankryk.
  • 12 maart - Mauritsius wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
  • 16 maart - Amerikaanske troepen rjochtsje yn Súd-Fjetnam it Bloedbad fan Mỹ Lai oan, wêrby't tusken de 374 en 504 ûnwapene manlju, froulju, bern en poppen fermoarde wurde.
  • 4 april - Yn Memphis (Tennessee) wurdt de swarte Amerikaanske dûmny Martin Luther King, it boechbyld fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging, fermoarde troch James Earl Ray.
  • 3 maaie - Begjin fan 'e maaieprotesten fan 1968 yn Frankryk. Studinten en arbeiders komme yn opstân tsjin it Frânske regear fan presidint Charles de Gaulle.
  • 4 juny - Yn Los Angeles wurdt de Amerikaanske politikus Robert Kennedy fermoarde troch Sirhan Sirhan.
  • 28 juny - De lêste frachttram rydt oer de tramwei Snits-Boalsert.
  • 30 juny - Yn 'e Kalifornyske studintestêd Berkeley wurdt nei dagen fan fûleindige gefjochten tusken de plysje en anty-oarlochsdemonstranten de needtastân ôfkundige.
  • 17 july - By de Revolúsje fan 17 July wurdt yn Irak presidint Abdûl Rachman Arif ôfset. De macht yn it lân komt no yn 'e hannen fan 'e Ba'thpartij. Achmed Hassan al-Bakr wurdt de nije presidint en Saddam Hoessein wurdt fise-presidint.
  • 21 augustus - De legers fan 'e Sovjet-Uny, de DDR, Hongarije, Bulgarije en Poalen falle harren Warsjaupakt-bûnsgenoat Tsjechoslowakije binnen, en meitsje dêr mei geweld in ein oan 'e Praachske Maityd.
  • 6 septimber - Swazylân wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
  • 2 oktober - Yn Meksiko-Stêd rjochtet de plysje by fûleindige gefjochten mei studinten it Bloedbad fan Tlatelolco oan, wêrby't 300 oant 500 studinten en omstanners omkomme.
  • 12 oktober - Ekwatoriaal-Guinee wurdt ûnôfhinklik fan Spanje.
  • 12-27 oktober - De Olympyske Simmerspullen wurde hâlden yn Meksiko-Stêd.

Berne

jannewaris
  • 14 - Johnni Black, Amerikaansk pornoaktrise
  • 25 - Flint Rasmussen, Amerikaansk rodeoclown
  • 28 - Martijn Fischer, Nederlânsk akteur
febrewaris
  • 7 - Katja Kean, Deensk pornoaktrise en tillefyzje-aktrise
  • 15 - Angelica Bella, Hongaarsk pornoaktrise
  • 22 - Jeri Ryan, Amerikaansk aktrise
  • 29 - Sandy Wenderhold, Nederlânsk pornoprodusinte
maart
  • 1 - Dorian Vallejo, Amerikaansk keunstskilder en yllustrator
  • 26 - Klasina Seinstra, Frysk hurdrydster
  • 29 - Lucy Lawless, Nijseelânsk aktrise
april
  • 16 - Peggy Sue, Yndiaask pornoaktrise
  • 17 - prins Maurits fan Oranje-Nassau, van Vollenhoven, Nederlânsk prins
  • 18 - Mary Birdsong, Amerikaansk aktrise en komediënne
maaie
  • 7 - Kai Nobel, Sweedsk pornoaktrise
  • 13 - Mark Spijkers, Frysk dichter, muzikant en keunstner
juny
  • 19 - Chantilly Lace, Amerikaansk pornoaktrise († 2008)
july
  • 21 - Racquel Darrian, Amerikaansk pornoaktrise
  • 29 - Arno Brok, Nederlânsk politikus en Kommissaris fan de Kening fan Fryslân
augustus
  • 8 - Kyra Phillips, Amerikaansk nijslêzeresse en ferslachjouster
  • 27 - Taylor Wane, Ingelsk pornoaktrise
  • 27 - Lilli Xene, Amerikaansk pornoaktrise
septimber
  • 13 septimber - Tera Heart, Amerikaansk pornoaktrise
  • 18 septimber - Chloe Vevrier, Dútsk pornoaktrise
  • 25 septimber - prins Johan Friso fan Oranje-Nassau, Nederlânsk prins († 2013)
oktober
  • 11 - Janny van der Molen, skriuwster fan benammen Nederlânsktalige berne- en jeugdboeken
  • 26 - Nico Jan Hoogma, Frysk fuotballer
  • 29 - Arend Glas, Frysk bobslider
  • 29 - Johann Olav Koss, Noarsk hurdrider
novimber
  • 2 - Meindert Talma, Frysk muzikant en skriuwer
  • 6 - Erin Ellington, Amerikaansk foto-, fitness- en neakenmodel en fotografe
  • 8 - Olof van der Meulen, Frysk follyballer
  • 8 - Zara Whites, Nederlânsk pornoaktrise
  • 14 - Janine Lindemulder, Amerikaansk pornoaktrise
  • 21 - Rachel Aziani, Amerikaansk pornoaktrise
  • 22 - J.R. Carrington, Amerikaansk pornoaktrise
desimber
  • 2 - Rena Sofer, Amerikaansk aktrise
datum ûnbekend
  • Loren L. Coleman, Amerikaansk skriuwer
  • Ola Mafaalani, Syrysk-Nederlânsk toanielregisseur

Ferstoarn

  • 1 jannewaris - Eeltsje Boates Folkertsma, Frysk skriuwer en bibeloersetter (* 1893)
  • 19 maart - Fedde Schurer, Frysk dichter, sjoernalist en taalaktivist (* 1898)
  • 4 april - Martin Luther King, Amerikaansk predikant en minskerjochte-aktivist (* 1929)
  • 7 april- Jim Clark, Skotsk autokoereur (* 1936)
  • 6 juny - Robert Kennedy, Amerikaansk politikus (* 1925)
  • 19 july - Clyde Warrior, Amerikaansk aktivist (* 1939)
  • 13 oktober - Stanley Unwin, Ingelsk útjouwer (* 1884)
  • 15 novimber - Heerke Ates, Frysk weintsjer en bestjoerder (* 1896)
  • 19 novimber - Mar. Naberman, Frysk musikus en muzykpedagooch (* 1889)
  • 6 desimber - Sybrandus Johannes Fockema Andreae, Frysk argivaris en bestjoerder (* 1904)
  • 20 desimber - John Steinbeck, Amerikaansk skriuwer en Nobelpriiswinner (* 1902)
  • 31 desimber - Barend van der Veen, Frysk skriuwer (* 1890)

Literatuer

romans
  • Elie Wiesel - Le Mendiant de Jérusalem (oerset yn it Frysk as De Bidler fan Jeruzalem)

Muzyk

  • The Beatles, The Beatles (of The White Album)
  • The Doors, Waiting for the Sun
  • Golden Earring, Miracle Mirror
  • Jethro Tull, This Was
  • Melanie, Born to Be
  • Pink Floyd, A Saucerful of Secrets
  • The Rolling Stones, Beggar's Banquet
  • Elvis Presley, NBC TV-Special ELVIS/The '68 Comeback Special

Dizze skiven helje de top 3 fan de Veronica Top 40:

  • Andy Williams, Battle Hymn of the Republic
  • Aphrodite's Child, Rain and Tears
  • Aretha Franklin, I Say a Little Prayer
  • Barry Ryan, Eloise
  • Bee Gees, I've Gotta Get a Message to You
  • Bee Gees, Jumbo/The Singer Sang his Song
  • Bee Gees, Words
  • Bee Gees, World
  • Blue Cheer, Summertime Blues
  • Cliff Richard, Congratulations
  • Digno Garcia, La Felicidad
  • Egbert Douwe, Kom uit de Bedstee M'n Liefste
  • Esther & Abi Ofarim, Cinderella Rockefella
  • Gary Puckett & The Union Gap, Young Girl
  • Golden Earrings, Dong-Dong-Di-Ki-Di-Gi-Dong
  • Golden Earrings, Just a Little Bit of Peace in My Heart
  • Heintje, Heidschi Bumbeidschi
  • Heintje, Ich Bau' Dir ein Schloß
  • Joe Cocker, With a Little Help from My Friends
  • John Fred & His Playboy Band, Judy in Disguise
  • John Rowles, If I Only Had Time
  • Manfred Mann, Mighty Quinn
  • Mary Hopkin, Those Were the Days
  • Moody Blues, Nights in White Satin
  • Raymond Froggatt, Callow la Vita
  • Sir Henry & His Butlers, Camp
  • Small Faces, Lazy Sunday
  • The Beatles, Hello Goodbye
  • The Beatles, Hey Jude
  • The Beatles, Lady Madonna
  • The Beatles, Magical Mystery Tour
  • The Cats, Lea
  • The Cats, Times Were When
  • The Marbles, Only One Woman
  • The Rolling Stones, Jumpin' Jack Flash
  • The Rolling Stones, She's a Rainbow
  • The Tremeloes, My Little Lady
  • Tom Jones, Delilah
  • Toon Hermans, Mien, Waar Is Mijn Feestneus?
  • Wim Sonneveld, De Kat van Ome Willem
  • Zen, Hair
__SUB_LEVEL_SECTION_5__

Byldzjende keunst


Jierren: 1963 1964 1965 1966 1967 1968 1969 1970 1971 1972 1973
Iuwen: 15e 16e 17e 18e 19e 20e iuw 21e 22e 23e 24e 25e
__SUB_LEVEL_SECTION_-1__
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.