1964

1964 is in skrikkeljier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1964.) Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren.

Iuwen: 15e 16e 17e 18e 19e 20e iuw 21e 22e 23e 24e 25e
Jierren: 1959 1960 1961 1962 1963 1964 1965 1966 1967 1968 1969
Kalinders
Gregoriaanske kalinder
 
1964
MCMLXIV
Ab urbe condita 2717
Armeenske kalinder 1413

ԹՎ ՌՆԺԳ

Etiopyske kalinder 1956 – 1957
Hebriuwske kalinder 5724 – 5725
Hindoekalinders
- Vikram Samvat 2019 – 2020
- Shaka Samvat 1886 – 1887
- Kali Yuga 5065 5066
Iraanske kalinder 1342 1343
Islamityske kalinder 1384 1384
Juliaanske kalinder
 
Gregoriaansk
min 13 dgn.
Sineeske kalinder 4660 4661

庚卯 – 辛辰

Foarfallen

  • 12 jannewaris - By in bloedige steatsgreep yn Sansibar wurdt de lêste sultan, Djamsjyd bin Abdûlla, ôfset. It lân wurdt no de Folksrepublyk Sansibar en Pemba.
  • 29-9 febrewaris - De Olympyske Winterspullen wurde hâlden yn Innsbruck, yn Eastenryk.
  • 31 jannewaris - Yn it ûnder tafersjoch fan it regear fan 'e Feriene Steaten publisearre rapport Smoking and Health wurdt foar it earst in ferbân lein tusken smoken en longkanker.
  • 27 maart - By in ierdbeving yn Alaska, ek bekend as de Goedfreedierdbeving, komme 139 minsken om. It is de swierste ierdbeving yn Noard-Amearika dy't ea registrearre is.
  • 31 maart-1 april - By in steatsgreep yn Brazylje wurdt it demokratysk keazen regear fan presidint João Goulart ôfset en komt in militêre diktatuer oan 'e macht, dy't it lân mear as tweintich jier ûnderdrukke sil.
  • 26 april - De Republyk Tanganjika en de Folksrepublyk Sansibar en Pemba ferrane ta in nij lân: de Feriene Republyk Tanzania.
  • 29 april - De Nederlânske prinsesse Irene trout yn Rome mei de roomske Spaanske ealman Karel Hugo fan Boerbon-Parma.
  • 12 juny - Yn Súd-Afrika wurdt de swarte anty-apartheidsaktivist Nelson Mandela feroardiele ta libbenslange finzenisstraf.
  • 19 juny - De Ljouwerter fuotbalklub SK Cambuur Ljouwert wurdt oprjochte.
  • 21 juny - Yn 'e Amerikaanske steat Mississippy fine de saneamde Frijheidssimmermoarden plak. Derby wurde trije aktivisten fan 'e Amerikaanske boargerrjochtebeweging, James Chaney, Andrew Goodman en Mickey Schwerner, fermoarde troch de Ku Klux Klan yn gearwurking mei de pleatslike plysje.
  • 2 july - De Amerikaanske presidint Lyndon B. Johnson ûndertekenet de Boargerrjochtewet fan 1964, wêrmei't rasseskieding op skoallen, op it wurk en yn iepenbiere romten yllegaal wurdt.
  • 6 july - Malawy wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
  • 2 augustus - By it Ynsidint yn de Golf fan Tonkin wurdt (nei it sizzen fan 'e Amerikanen) in Amerikaansk marineskip yn 'e Golf fan Tonkin, foar de kust fan Noard-Fjetnam, oanfallen troch de Noardfjetnamezen. (Yn 2005 soe út frijjûne dokuminten fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst NSA bliken dwaan dat de oanfal troch de Amerikanen optocht wie as ferlechje om aktive dielname fan Amerikaanske troepen oan 'e Fjetnamoarloch te rjochtfeardigjen.)
  • 7 augustus - It Amerikaanske Kongres nimt de Golf-fan-Tonkinresolúsje oan, wêrmei't as antwurd op ít Ynsidint yn de Golf fan Tonkin frij baan jûn wurdt oan 'e ynset fan Amerikaanske gefjochtstroepen yn 'e Fjetnamoarloch.
  • 21 septimber - Malta wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
  • 27 septimber - It rapport fan 'e Kommisje-Warren oer de moard op John F. Kennedy wurdt publisearre. Neffens de kommisje wurke de (ek fermoarde) Lee Harvey Oswald folslein allinnich.
  • 10-24 oktober - De Olympyske Simmerspullen wurde hâlden yn Tokyo.
  • 15 oktober - Fanwegen syn almar ûnfoarsisberder hâlden en dragen wurdt Sovjet-lieder Nikita Chrûsjtsjov út al syn funksjes set. As siktaris-generaal wurdt er opfolge troch Leonid Brezjnjev.
  • 16 oktober - De Folksrepublyk Sina bringt foar it earst mei súkses in atoombom ta ûntploffing.
  • 24 oktober - Sambia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
  • 4 novimber - De Iraanske geastlike Rûholla Chomeiny, in skerp kritikus fan 'e sjah, wurdt út syn heitelân ferballe.
  • 24 novimber - Belgyske kommando's befrije yn 'e Demokratyske Republyk Kongo in groep fan 60 Amerikanen en 800 Belgen dy't yn Stanleystad gizele waarden troch rebellen. By de operaasje falle in protte deaden.
  • sûnder datum - Kees van Kooten en Wim de Bie hawwe har debút as Klisjeemannetjes yn it radio-programma Uitlaat (fan de VARA).

Berne

  • 17 jannewaris - Michelle Obama, Amerikaansk presidintsfrou
  • 20 jannewaris - Mustapha Oukbih, Nederlânsk sjoernalist en ferslachjouwer († 2017)
  • 3 febrewaris - Søren Malling, Deensk akteur
  • 11 febrewaris - Sarah Palin, Amerikaansk politika
  • 3 maart - Laura Harring, Meksikaansk-Amerikaansk aktrise en model
  • 7 maart - Eva Wiessing, Nederlânsk ferslachjouster
  • 9 maart - Juliette Binoche, Frânsk aktrise
  • 18 maart - Seymore Butts, Amerikaansk pornoakteur en -produsint en realitypersoanlikheid
  • 21 maart - Douwe Heeringa, Frysk sjonger en programmamakker
  • 31 maart - Monique Knol, Frysk hurdfytster
  • 12 april - Pandora Peaks Amerikaansk neakenmodel en aktrise
  • 23 april - Bill Browder, Amerikaanske sakeman en aktivist
  • 1 maaie - Yvonne van Gennip, Nederlânsk hurdrydster
  • 4 maaie - Rocco Siffredi, Italjaansk pornoakteur
  • 22 juny - Dan Brown, Amerikaansk skriuwer
  • 1 july - Geartsje de Vries, Frysk sjoernaliste, redaktrise en presintatrise
  • 19 july - Henk Rouwé, Frysk roeier
  • 26 july - Johan Leutscher, Frysk roeier
  • 4 augustus - Jan Tekstra, Frysk sjonger, muzikant en komponist
  • 4 augustus - Wout Zijlstra, Frysk krêftsporter
  • 9 oktober - Jacqueline Carey, Amerikaansk skriuwster
  • 11 novimber - Ron van den Hout, Nederlânsk biskop
  • 1 desimber - Jo Walton, Welsk-Kanadeesk skriuwster
  • 3 desimber - Sjieuwe Borger, Frysk skriuwer
datum ûnbekend
  • Shada Nasser, Jemenitysk abbekate en minskerjochte-aktiviste

Ferstoarn

  • 10 jannewaris - A. Marja, Nederlânsk skriuwer (* 1917)
  • 25 febrewaris - Maurice Farman, Frânsk loftfeartpionier (* 1877)
  • 11 juny - Lolle Piers de Boer, Frysk skiedkundige en frisiast (* 1881)
  • 22 juny - Wike Zijlstra, Frysk ûnderwizeres en pedagoge (* 1893)
  • 22 juny - Havank (Hans van der Kallen), Frysk skriuwer (* 1904)
  • 26 juny - Gerrit Rietveld, Nederlânsk arsjitekt en meubelmakker (* 1888)
  • 17 desimber - Jurjen Koksma, Frysk wiskundige (* 1904)

Literatuer

prizen
  • Jean-Paul Sartre wint de Nobelpriis foar de Literatuer, mar wegeret dy
romans
  • Simon Vestdijk, Het Genadeschot
  • Jan Cremer, Ik Jan Cremer
  • Elizabeth Bowen, The Little Girls
  • Elie Wiesel - Les Portes de la Forêt (oerset yn it Frysk as De Poarten fan it Wâld)
novelles
  • Tonke Dragt, De Blauwe Boekanier (berneboekewikegeskink)
poëzij
  • Ezra Pound - The Cantos (foar in diel oerset yn it Frysk as De Kanto's)
non-fiksje
  • Susan Sontag, Notes on Camp (essay)

Films

  • A Fistful of Dollars
  • Zulu
__SUB_LEVEL_SECTION_5__

Muzyk

albums
  • The Beatles, A Hard Day's Night
  • The Beatles, Beatles For Sale
  • The Rolling Stones, The Rolling Stones
  • The Rolling Stones, The Rolling Stones: England's Newest Hit Makers
  • The Rolling Stones, 12 x 5
singles
  • The Beach Boys, I Get Around
  • Billy J. Kramer with The Dakotas, Little Children
  • Bobby Fuller Four, I Fought the Law
  • Chad & Jeremy, A Summer Song
  • Chad & Jeremy, Yesterday's Gone
  • Chubby Checker, Lovely Lovely
  • Cilla Black, You're My World
  • Cliff Richard, Constantly
  • Cliff Richard, I Could Easily Fall in Love
  • The Dave Clark Five, Bits and Pieces
  • The Dave Clark Five, Glad All Over
  • The Supremes, Baby Love
  • The Supremes, Where Did Our Love Go
  • Dixie Cups, Chapel of Love
  • Freddie & the Dreamers, Over You
  • Gerry & The Pacemakers, Ferry Cross the Mersey
  • Geschwister Jacob, Träume der Liebe
  • Herman's Hermits, I'm into Something Good
  • Imca Marina, Harlekino
  • Jim Reeves, I Love You Because
  • Julie Rogers, The Wedding
  • The Jumping Jewels, Irish Washer Woman
  • The Jumping Jewels, Jumping Can-Can
  • The Jumping Jewels, Zambezi
  • Lucille Starr, Colinda
  • Lucille Starr, Quand le Soleil Dit Bonjour aux Montagnes (The French Song)
  • Lulu, Shout
  • Manfred Mann, Do Wah Diddy Diddy
  • Marianne Faithfull, As Tears Go By
  • Martha Reeves & The Vandellas, Dancing in the Street
  • Mary Wells, My Guy
  • Millie Small, My Boy Lollipop
  • Peter & Gordon, True love Ways
  • Petula Clark, Downtown
  • The Rolling Stones, It's All Over Now
  • The Rolling Stones, Little Red Rooster
  • The Rolling Stones, Tell Me
  • The Rolling Stones, Time Is on My Side
  • The Rolling Stones, You Better Move On
  • Roy Orbison, Pretty Woman
  • Royal Showband Waterford, Huckle Buck
  • The Swinging Blue Jeans, Hippy Hippy Shake
  • The Animals, House of the Rising Sun
  • The Beatles, A Hard Day's Night
  • The Beatles, Ain't She Sweet
  • The Beatles, All My Loving
  • The Beatles, Can't Buy Me Love
  • The Beatles, I Feel Fine
  • The Beatles, I Should Have Known Better
  • The Drifters, Saturday Night at the Movies
  • The Fortunes, Caroline
  • The Hollies, Here I Go Again
  • The Hollies, Just One Look
  • The Searchers, Needles and Pins
  • Trini Lopez, This Land Is Your Land
  • Willeke Alberti, Mijn Dagboek


Jierren: 1959 1960 1961 1962 1963 1964 1965 1966 1967 1968 1969
Iuwen: 15e 16e 17e 18e 19e 20e iuw 21e 22e 23e 24e 25e
__SUB_LEVEL_SECTION_-1__
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.