1573

1573 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Juliaanske kalinder foar 1573.)

Iuwen: 11e 12e 13e 14e 15e 16e iuw 17e 18e 19e 20e 21e
Jierren: 1568 1569 1570 1571 1572 1573 1574 1575 1576 1577 1578
Kalinders
Gregoriaanske kalinder 1573
MDLXXIII
Ab urbe condita 2326
Armeenske kalinder 1022

ԹՎ ՌԻԲ

Etiopyske kalinder 1565 – 1566
Hebriuwske kalinder 5333 – 5334
Hindoekalinders
- Vikram Samvat 1628 – 1629
- Shaka Samvat 1495 – 1496
- Kali Yuga 4674 4675
Iraanske kalinder 951 952
Islamityske kalinder 981 981
Juliaanske kalinder
 
1573
MDLXXIII
Sineeske kalinder 4269 4270

己申 – 庚酉

Foarfallen

  • 11 desimber 1572-13 july - De stêd Haarlim wurdt belegere troch Spaanske troepen. Mank de ferdigeners spilet Kenau Simonsdochter Hasselaer neffens de leginde in heldinnerol.
  • maityd-novimber - De hartoch fan Alva wol sels it ferset yn de Nederlannen brekke. Hy rekket deilis mei de nije Spaanske lânfâd, Juan de la Cerda, hartoch fan Medinaceli. As súkses útbliuwt, en kening Filips II fan Spanje merkt dat Alva en Medinaceli net mei-inoar troch ien doar kinne, ropt er harren beiden werom nei Spanje.
  • april - It Spaanske leger ûnder Don Freark, de soan fan 'e hartoch fan Alva, weroveret hast alle stêden yn Oerisel en Gelderlân.
  • 13 july - It Belis fan Haarlim, in ûnderdiel fan it Spaanske besykjen om 'e Opstân yn 'e Nederlannen te ûnderdrukken, einiget mei de oerjefte fan 'e stêd Haarlim oan 'e Spaanske fjildhear don Freark. Nei de oerjefte wurde it meastepart fan 'e soldaten fan it út geuzen en hierlingen besteande garnizoen fan 'e stêd, mei dêropta in grutte groep foaroansteande oranjesinnige boargers (yn totaal sa'n 2.000 minsken) troch de Spanjerts fermoarde.
  • 8 oktober - In driigjend Spaansk belis fan Alkmar wurdt troch de wettergeuzen ôfslein (dêrfandinne de útspraak "by Alkmar begjint de fiktoarje"). As tank jout Willem fan Oranje de stêd it ivichduorjende rjocht ta it hâlden fan de Tsiiswaach.
  • 11 oktober - Yn 'e Slach op de Sudersee ferslane de wettergeuzen in Spaanske float.
  • sûnder datum - Amersfoart wurdt troch Spaanske troepen ynnomd.
  • 1 desimber - De hartoggen fan Medinaceli en Alva wurde op eigen fersyk ferfongen troch don Luis de Requesens y Zúñiga.
  • 18 desimber - De hartoch fan Alva ferlit de Nederlannen.

Berne

  • 17 jannewaris - Marcus Lycklama à Nijeholt, Frysk politikus, abbekaat en rjochtsgelearde († 1625)
  • 22 desimber - Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz, steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte († 1632)
__SUB_LEVEL_SECTION_2__

Ferstoarn

  • 16 july - Wigbolt Ripperda, Steatsk militêr (* ±1535)
  • 29 july - Ruy Gómez de Silva, prins fan Éboli, Spaansk ealman en politikus (* 1516)


Jierren: 1568 1569 1570 1571 1572 1573 1574 1575 1576 1577 1578
Iuwen: 11e 12e 13e 14e 15e 16e iuw 17e 18e 19e 20e 21e
__SUB_LEVEL_SECTION_-1__
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.